De Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing is in foarmjouwingspriis foar alle ûntwerpers en foarmjouwers. It ûntwerpproses, de wearde en it belang foar de brûker en de maatskippij steane dêrby sintraal. De priis stimulearret it foarmjouwersklimaat yn Fryslân. Mei de priis wol de provinsje in ympuls jaan oan de belangstelling foar foarmjouwing yn Fryslân.  De priis wurdt sûnt it jier 2001 ien kear yn ‘e twa jier útrikt. De organisaasje fan de priis is yn hannen fan Keunstwurk(eksterne keppeling)

Proseduere en priis

Alle foarkommende dissiplinen fan ûntwerpen en foarmjouwing komme foar de Vredeman de Vriespriis foar foarmjouwing yn ‘e beneaming. Ûntwerpers kinne harren sels fia Keunstwurk foar de priis oanmelde. Rânebetingst is wol dat de opdrachtjouwer of ûntwerper yn Fryslân fêstige is. De advyskommisje nominearret  ynstjoerings en draacht in priiswinner oan Deputearre Steaten foar. De winner fan de Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing (kombinaasje fan ûntwerper en opdrachtjouwer) kriget in oarkonde en in bedrach fan € 5000. Dêrneist binne fiif bedraggen fan € 500 beskikber foar dejingen dy’t mei eare neamd wurde.

Hans Vredeman de Vries

De priis is ferneamd nei Hans Vredeman de Vries. Dizze arsjitekt, planolooch, tekener en keunstner is yn 1527 yn Ljouwert berne. Dêrneist stiet hy bekend as de grûnlizzer fan de Antwerpse renêsssânsestyl.

Sjuery Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing

De sjuery advisearret Deputearre Steaten oer it takennen fan de Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing. De sjuery bestiet yn it jier 2021 út:
 

  • Ann Maes, út Brugge, internationaal designer, rjochte op ynnovaasje en duorsumens.
  • Lucas Verweij, ûntwerper en haad fan in dosinte-oplieding Keunst en Foarmjouwing Artez.
  • Dries van Wagenberg, ûntwerper en program-manager by Dutch Design Week.
  • Roelof Koster, grafysk foarmjouwer.
  • Eileen Blackmore, ûntwerper en artistyk lieder bij It Erfskip.

LC Publiekspriis Vredeman de Vriesprijs 2021 Foarmjouwing

Hjir(eksterne keppeling) kinne jo stimme op ien fan de seis nominearren(eksterne keppeling) foar de Vredeman de Vriespriis 2021 Foarmjouwing.

Winners Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing

Jiertal

Winner

Bydrage

2019

Elmo Verwijs fan Studio Elmo Vermijs

Foar it ûntwerp Gegrond

2017

Ûntwerp: Studio INAMATT, Penjum

Opdrachtjouwer: Matsura Museum Hirado en de Nederlânske ambassade yn Japan

Sweet Nothing. In rige produkten foar in Japanske teeseremoanje

2015

Ûntwerp: Claudy Jongstra

Opdrachtjouwer: Natlab/Plaza Futura, Eindhoven

Wandbeklaaiing foar de ‘Denkkamer’

2013

Ûntwerp: NRJ Architectuur (Nynke-Rixt Jukema)

Opdrachtjouwer: Fries Museum

Dowetil, meubels foar ús atelier

2011

Ûntwerp: Gjalt Pilat

Opdrachtjouwer: Pilat en Pilat Produkties

Tafelsearje ‘Pake Sytse’

2009

Ûntwerp: BHW Ontwerpers / Rudmer van Hulzen

Opdrachtjouwer: Iepenbier Ministearje Arrondissementsparket Ljouwert

Jierferslach 2006 / Jierplan

2007

Ykje Hibma, Durk Kramer, Bastiaan Blaauw en Maaike de Vreeze

Opdrachtjouwer: MOS (Maatschappelijke Onderneming Smallingerland)

Multyfunksjoneel teenerplak ‘Binnenboard’

2005

Claudy Jongstra, Spannum

‘Cherry Blossom’, grutte filten lûken ûntwurpen foar it Amsterdamske Lloyd Hotel

2003

Ûntwerp: Hella Jongerius, Marcel Wanders en Jurgen Bey

Opdrachtjouwer: Koninklijke Tichelaar, Makkum

‘Nothing New’ (produktynnovaasje: Delfts ierdewurk in nij gesicht jûn)

2001

Hanshan Roebers

Opdrachtjouwer: gemeente Tytsjerksteradiel

Monumint ‘De boot van toen’