Advyskommisje Gysbert Japicxpriis 2023 bekend
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2023 beneamd. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis dy't sûnt 1947 om it jier útrikt wurdt. It iene jier foar Frysktalige proaza, it oare jier foar Frysktalige poëzy. Yn 2023 wurdt de priis takend foar proaza dat yn de perioade 2019-2022 ferskynd is.