Els Veder-Smit priis 2022
By de feestlike fiering fan Ynternasjonale Frouljusdei yn Ljouwert, waard de allerearste Els Veder-Smitpriis oan Lutz Jacobi útrikt. Deputearre Douwe Hoogland lange de priis oan de winner oer. Lutz krige de priis omdat se fan grutte betsjutting west hat foar de rol fan froulju yn de Fryske polityk.

