De Fryske skriuwster Alpita de Jong krijt de dr. Joost Halbertsmapriis foar har wurk: Joost Halbertsma 1789 -1869; In biografy. Alpita de Jong waard keazen út fiif nominearren. Yn totaal waarden 200 wurken yntsjinne foar dizze priis. " It wurk fan Alpita de Jong is de earste echte biografy fan de man, dy 't ien fan de wichtichste Friezen út de skiednis neamd wurde mei. De Jong zet de naamgever van onze prijs op een veelkleurige en diepgravende manier neer ", sa seit de sjuery.

Op 31 maart sil de offisjele útrikking yn de Sint Pitertsjerke fan Grou, it berteplak fan dr. Joost Halbertsma, wêze.

Dr. Joost Halbertsmapriis

De dr. Joost Halbertsmapriis is in provinsjale priis foar skiednis, taal, literatuerwittenskip en sosjale wittenskip. De priis is yn 1947 ynsteld en wurdt ien kear yn ‘e fjouwer jier útrikt. De priis bestiet út in bedrach fan 10.000 euro en kin takend wurde foar in wurk, mar ek foar in oeuvre. De útrikking fan de priis is in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Ljouwert en RUG Campus Fryslân.