De Anita Andriesenpriis foar Romtlike Kwaliteit is in oeuvrepriis, dy’t yn 2010 foar it earst útrikt waard. It doel fan de priis is om in ympuls te jaan oan it behâld en de ûntwikkeling fan de romtlike kwaliteit yn Fryslân. 

Anita Andriesenpriis

Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân hawwe yn 2010 besletten dat de priis foar romtlike kwaliteit ta de neitins fan Anita Andriesen de “Anita Andriesenpriis foar Romtlike Kwaliteit” hjitte sil. PvdA deputearre Anita Andriesen (1957 - 2008) droech de romtlike kwaliteit fan Fryslân in waarm hert ta, en hechte dêrby tige oan konkrete resultaten: ‘Net allinne prate oer romtlike kwaliteit, mar dwaan! Fryslân sichtber moaier meitsje. Mei it Fryske goud, it Fryske lânskip moatte wy tige hoeden omgean’ neffens Anita Andriesen silger. 

Proseduere en priis

Persoanen, organisaasjes en gearwurkingsferbannen kinne harren sels foar de priis oanmelde. Projekten dy’t oanmeld wurde, moatte in foarbyld wêze fan ferbettering fan de kwaliteit fan it lânskip, stêdebou, arsjitektuer en romtlike foarmjouwing yn it algemien. De Anita Andriesenpriis wurdt ienris yn ‘e trije jier útrikt. De winner kriget in bedrach fan € 10.000. De priis is bestimd foar de organisaasje fan in publyksevenemint oer it foarbyldprojekt fan de winner. Sa kinne de ynwenners fan Fryslân ek yn ‘e kunde komme mei romtlike kwaliteit út it perspektyf fan winner wei. 

Advyskommisje Anita Andriesenpriis 2020-2021

De advyskommisje jout advys oan Deputearre Steaten jout oer it takennen fan de Anita Andriesenpriis en draacht in winner foar. De advyskommisje bestiet yn it jier 2020-2021 út: 

  • Bertus de Jong (lânskipsarsjitekt);
  • Mathijs Dijkstra (lânskipsarsjitekt);
  • Ankie Boomstra (spesjalist keunst yn de iepenbiere romte);
  • Sandra van Assen (stêdeboukundige en arsjitekt);
  • Jelle de Jong (arsjitekt).

Veenatelier

It ynisjatyf fan Places of Hope hat wûn(externe link), fanwege de maatskiplike ympact en de stuwende rol foar ûntwerp fan dit ynisjatyf: “it oerstiigjende karakter en de foarbyldfunksje fan it Veenatelier jou de trochslach.” 

Boschplaat

Bisto wol ris op Skylge west? Grutte kâns datsto de Boskplaat dan sjoen hast. Steatsboskbehear is nominearre foar de Anita Andriesenprijs 2021. Troch ûntwerp is der in goed petear west tusken alle belutsen minsken oer de takomst fan it gebiet. 

Winners Anita Andriesenpriis

Jier

Priiswinner

Bydrage

2021VeenatelierIt ynisjatyf fan Places of Hope hat wûn, fanwege de maatskiplike ympact en de stuwende rol foar ûntwerp fan dit ynisjatyf: “it oerstiigjende karakter en de foarbyldfunksje fan it Veenatelier jou de trochslach.” 

2017

Kening fan 'e Greide

Troch it stimulearjen fan in oare manier fan buorkjen, mei romte foar fûgels en ynsekten, fisken, blommen en krûden kriget de provinsje in sûn lânskip werom, op grûn fan in fisy op de takomst

2013

Stichting Dorp Bedrijf Friesland (DBF)

Tema Werstrukturearring en Transformaasje: Stichting DBF hâldt it nivo fan foarsjennings op it plattelân heech en pakt gebouwen yn kwetsbere gebieten oan

2010

Gemeentebestjoer fan Ferwerderadiel

Ynset op romtlike kwaliteit by de werstrukturearring fan Burdaard, de Lytse Buorren yn Marrum en de bou fan it wensoarchsintrum Offingaburg yn Hallum