De Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 2022 is oan yntegraal bernesintrum en basisskoalle IKC Prins Constantijn út Ljouwert takend. De priis waard freed 26 maaie troch deputearre Avine Fokkens-Kelder yn it Swettehûs yn Ljouwert útrikt. De publykspriis gie nei de Sint Pitertsjerke yn Grou.

Foar dizze 12e edysje waarden fjirtich projekten ynstjoerd. De ynstjoerings leveren in breed oanbod op fan lytse en grutte gebouwen op it mêd fan wurkje, kultuer, rekreaasje en wenje. Opfallend wie it grutte tal partikuliere ynstjoerings. De sjuery, offisjeel advyskommisje, brocht oan sân projekten in besite.

Prestaasje fan formaat

De advyskommisje keas unanym foar basisskoalle IKC Prins Constantijn yn Ljouwert as winner fan de Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer. De skoalle stie foar de kar tusken renovaasje en nijbou en keas foar de earste opsje. Ald en nij binne neffens de kommisje knap ta in ienheid smeid. De sjuery neamt de renovaasje in prestaasje fan formaat, benammen sjoen it beheinde ferbouwingsbudzjet. It ûntwerp, de omgong mei it besteande gebou en de gearwurking tusken opdrachtjouwer, arsjitekt en brûkers waarden troch de kommisje rûnom priizge.

Deputearre Fokkens-Kelder wie loovjend oer dizze edysje fan de Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer: “It is geweldich dat der mar leafst fjirtich ynstjoerings wiene om út te kiezen. In moaie, romme kar foar de sjuery, dy’t sjen lit dat der yn Fryslân noch folop omtinken foar moaie arsjitektuer is. Yn dit gefal prachtich kombinearre mei besteande bou. Dit hâldt Fryslân moai op ‘e kaart as it giet om heechweardige arsjitektuer.”

Foar de LC-publykspriis selektearre de kommisje trettjin projekten dêr’t it publyk op stimme koe. It publyk keas út de selektearre projekten de Sint Pitertsjerke as favoryt. Dit projekt krige 31% fan de stimmen, dy’t fia de webside fan de Ljouwerter Krante útbrocht waarden.

Advyskommisje

De advyskommisje sjocht de priis net allinne as in beleanning foar it bêste boude projekt, mar ek as oantrún ta aksje. De kommisje wie dizze edysje as neikomt gearstald:

  • Rob Hendriks, foarsitter - arsjitekt
  • Peter Michiel Schaap – direkteur Platform GRAS
  • Suzanne Mulder - arsjitektuerhistoarikus
  • Marc Nolden – selsstannich lânskipsarsjitekt en redakteur by tydskrift Blauwe Kamer
  • Kirsten Hannema – arsjitektuersjoernalist

De Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer wurdt ien kear yn ‘e twa jier troch it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân takend. De provinsje wol mei dy priis de belangstelling foar arsjitektuer by in breed publyk fergrutsje.