Dr. Joast Halbertsmapriis
De dr. Joast Halbertsmapriis is in provinsjale priis foar skiednis, taal, literatuerwittenskip en sosjale wittenskip. It is de Fryske wittenskipspriis dy’t it hiele wittenskiplike fjild fan Fryslân beslacht. De útrikking fan de priis is in gearwurking tusken de provinsje Fryslân, gemeente Leeuwarden en RUG Campus Fryslân.
Proseduere en priis
De priis is yn 1947 ynsteld en wurdt ien kear yn ‘e fjouwer jier útrikt. De priis bestiet út in bedrach fan € 10.000. In ûnôfhinklike advyskommisje draacht in winner oan Deputearre Steaten foar.
Dr. Joast Halbertsmapriis
De dr. Joast Halbertsmapriis is op foardracht fan de Fryske Akademy ferneamd nei dr. Joast Hiddes Halbertsma (1789 - 1869). Hy kaam fan Grou en wie fan berop predikant, skriuwer, taalkundige. Hy wurdt ek wol ‘Mister Fryslân’ neamd, omdat hy in soad ûndersyk die nei de Fryske skiednis en identiteit. Dêrneist is hy de grûnlizzer fan it earste wittenskiplik Frysk wurdboek.
Advyskommisje dr. Joast Halbertsmapriis
De advyskommisje advisearret Deputearre Steaten oer it takennen fan de dr. Joast Halbertsmapriis. De advyskommisje bestie yn it jier 2017 út:
- Hanny Elzinga, foarsitter, út namme fan Rijksuniversiteit Groningen;
- Marijn Molema, út namme fan provinsje Fryslân;
- Milan van de Meulen, út namme fan gemeente Leeuwarden.
Winners dr. Joast Halbertsmapriis
Jier |
Priiswinner |
Bydrage |
---|---|---|
2017 | Hotso Spanninga | Gulden vrijheid?: Politieke cultuur en staatsvorming in Friesland, 1600-1640 |
2012 | Piet Hagen | Politicus uit hartstocht: Biografy fan Pieter Jelles Troelstra |
2009 | Oebele Vries | Oeuvre |
2006 | Arend Jan Gierveld, Sytse ten Hoeve, Adri van der Meulen, Jan Pluis, Paul Smeel en Pieter Jan Tichelaar | Fries Aardewerk |
2003 | Johan Frieswijk | Foar syn hiele oeuvre |
2001 | Goffe Jensma | Het rode tasje van Salverda |
1997 | Ernst Taayke | Die einheimische Keramik der nordlichen Niederlande 600 v.Chr. bis 300 na Christus |
1994 | Yme B. Kuiper | Adel in Friesland 1780-1880 |
1991 | Philippus Hillebrand Breuker | It wurk fan Gysbert Japicx |
1988 | Anthonia Feitsma | Foar in tal stúdzjes ferskynd yn de jierren 1985-1987 |
1985 | Stéphane Lebecq | Marchands et navigateurs Frisons du haut Moyen Age |
1982 | Harald Siems | Studien zur Lex frisionum |
1980 | Pieter Wijbenga | Bezettingstijd in Friesland |
1978 | Jacob Jansen | Rijkdom uit Workums verleden. De Beschilderde baren der gilden |
1976 | D. van der Meer |
Foar ‘sneupwurk’ op it mêd fan genealogy en skiednis. |
1974 | Johannes Alle Faber | Drie eeuwen Friesland, Economische en Sociale Ontwikkelingen van 1500 tot 1800 |
1972 | O. Santema | Foar syn hiele wurk |
1970 | Hendrik Tjaard Obreen |
Foar publikaasjes op it mêd fan de Fryske skiednis sûnt 1956 |
1968 | Sytse Jan van der Molen |
Foar it yn de jierren 1964 o/m 1967 publisearre wurk op it mêd fan de skiednis en ‘geakunde’ fan Fryslân |
1966 | Jan Juliaan Woltjer | Friesland in Hervormingstijd |
1964 | Jacob Jetses Kalma | Om Gysbert Japicx hinne |
1962 | Maria Petrus van Buijtenen | Foar publikaasje op it mêd fan de Fryske hostoarje |
1960 | Ale Algra |
Foar bydragen oan de skiednis fan tsjerke en skoalle yn Fryslân yn de 19e en 20e iuw, sa’t dy opnommen binne yn de bondels (dielen II o/m V) De historie gaat door het eigen dorp |
1958 | Herre Halbertsma |
Foar yn de jierren 1954 o/m 1957 publisearre wittenskiplik wurk op histoarysk en argeologysk mêd |
1956 | Douwe Taeke Engelbertus van der Ploeg en Douwe Franke | Plantennamen in Fryslân |
1954 | Johan Jacob Spahr van der Hoek en ObePostma | Geschiedenis van de Friese landbouw, deel 1 |
1952 | Hartman Sannes | De geschiedenis van Het Bildt, deel I (1500-1700) |
1950 | D.J. Cuipers | De gemeente dorpsgronden in Oostergoo |
1948 | Gerrit Knop | Schylgeralân |