Op Ynternasjonale Frouljusdei (8 maart) sil foar de earste kear de Els Veder-Smit priis útrikt wurde. Dizze provinsjale priis wurdt om de trije jier útrikt oan immen dy’t bydraacht oan de ferbettering fan de posysje en de rol fan froulju yn de Fryske polityk. It stiet elk frij om immen dêrfoar te nominearjen

Els Veder-Smit (1921-2020) hat as politika op it mêd fan folkssûnens en frouljusrjochten in soad foar froulju yn Nederlân betsjutten. Sy sette har ûnder oare yn foar in abortusregeling en hat der foar soarge dat de pil yn it sikefûns kaam. Letter soe sy dêroer sizze: ‘Froulju sjogge earder nei de minsklike kant fan besluten.’ De VVD-politika wie fan 1962 oant ’66 riedslid yn Ljouwert. Letter waard sy de earste frou út Fryslân wei dy’t lid waard fan de Twadde Keamer. Ek wie Els Veder-Smit steatssiktaris, Earste Keamerlid en belutsen by it oprjochtsjen fan it Medysk Sintrum (MCL) yn Ljouwert.

It inisjatyf om in provinsjale priis yn te stellen foar it fersterkjen fan de posysje fan froulju yn de Fryske polityk komt fan VVD Steatelid Esther de Vrij. Mei brede stipe fan oare politike partijen yn de Steaten waard de moasje oannaam. De priis is sawol in earbetoan oan it politike libben fan Els Veder-Smit, as in ynspiraasje foar oaren om yn har fuotspoaren te gean.

In sjuery besteande út foarsitter Ellen van Selm (boargemaster Opsterlân), Ojanne de Vries-Chang (riedslid It Hearrenfean) en Martijn Smit (in omkesizzer fan Els Veder-Smit) makket in seleksje út de nominaasjes en stelt in sjueryrapport op. De sjuery advisearret Deputearre Steaten oer it takennen fan de Els Veder-Smit priis. De organisaasje fan de Els Veder-Smit priis is yn hannen fan Stichting Tûmba.

Wolle jo sels immen nominearje dy’t in grutte bydrage levere hat oan it ferbetterjen fan de posysje fan froulju yn de Fryske polityk, klik dan op de link foar it oanmeldingsformulier. Ynstjoere kin noch oant uterlik 14 febrewaris.