De ynskriuwing foar de 12e edysje fan de Vredeman de Vriespriis set op 4 jannewaris 2023 útein. Dizze provinsjale priis wurdt útrikt foar it bêste gebou dat yn de ôfrûne twa jier yn Fryslân boud is. Op 14 april 2023 wurdt de Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer útrikt.

It doel fan dizze twa jierlikse priis is om de belangstelling foar arsjitektuer by in breed publyk te fergrutsjen. De priis wurdt oan de opdrachtjouwer en de arsjitekt útrikt.

Dielnimme

Fan woansdei 4 jannewaris o/m tiisdei 31 jannewaris 2023 kinne jo jo ynskriuwe. Om jo fêst ta te rieden kinne jo hjir(eksterne keppeling) no al lêze hoe’t jo jo oanmelde kinne en oan hokker betingsten oft jo ynstjoering foldwaan moat.

Dielnimmers wurde beoardiele troch in advyskommisje. De kommisje nominearret ynstjoerings en draacht de priiswinner oan Deputearre Steaten foar. De winnende arsjitekt en opdrachtjouwer krije tegearre in oarkonde en in bedrach fan € 5.000,-.

Vredeman de Vries Priis foar Arsjitektuer

De Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer wurdt takend troch it kolleezje fan Deputearre Steaten fan Fryslân. De priis is bedoeld as erkenning fan de kwaliteit fan it wurk en om de ûntwikkeling yn it fakgebiet te stimulearjen. De priis is in inisjatyf fan provinsje Fryslân en Keunstwurk docht de organisaasje fan de priis.

Fia dizze link(eksterne keppeling) lêze jo mear oer it algemiene reglement fan dielname.