GERRIT BENNERprijs
De GERRIT BENNERpriis is in wichtige priis foar byldzjende keunst yn Fryslân en wurdt takend oan in keunstner waans wurk toanoanjouwend is foar it keunstoanbod yn de provinsje.
Mei dizze priis jout de provinsje in ympuls oan it kulturele klimaat yn Fryslân. In ûnôfhinklike advyskommisje mei leden út it wurkfjild, bepaalt wa’t de priis wint.
Proseduere en priis
De GERRIT BENNERpriis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt oan de keunstner dy’t in wichtige ûntjouwing yn syn of har wurk ta sân brocht hat. Ek kin de advyskommisje der foar kieze de priis ta te kinnen oan in hiel oeuvre fan in keunstner. Om kâns te meitsjen op dizze priis moat de byldzjend keunstner yn Fryslân wenje en wurkje. Wa't de oeuvrepriis wint, wurdt letter dit jier bekend makke. De winner kriget € 5000,- en in útstalling yn it Frysk Museum. Neist it prizejild kriget de winner € 5000,- foar in aktiviteit dy't bydraacht oan it ûntwikkeljen fan 'e byldzjende keunst yn Fryslân.
GERRIT BENNER
De twa jierlikse provinsjale GERRIT BENNERPriis is ferneamd nei de skilder Gerrit Benner. Gerrit Benner (1897-1981) is berne yn Ljouwert. Hy wie de meast bekende lânskipskilder fan de 20e iuw. Syn wurk is bekend yn binnen- en bûtenlân en hy wûn tal fan wichtige prizen. De wrâld dy’t Benner skildere, wie in dreamerige mearkes wrâld, mei kij, hynsten, lân, wetter en wolken. Hij wie autodidakt, oplaad as hús skilder, mar hat him ûntwikkele ta in keunstskilder fan ynternasjonale alluere, Wurk fan Gerrit Benner is te sjen yn it Fries Museum.
Edysje 2025
De sjueryleden foar 2025 binne beneamd. Jo fine se yn ûndersteand oersjoch.
Winners GERRIT BENNERpriis
Jiertal | Priiswinner | Bydrage |
|---|---|---|
| 2025 | Louwrien Wijers | Hiele oeuvre |
| 2023 | Kinke Kooi | Hiele oeuvre |
| 2021 | O.C. Hooymeijer | Wichtige ûntwikkeling |
| 2019 | Auke de Vries | Hiele oeuvre |
| 2017 | Pedro Bakker | Wichtige ûntwikkeling: giet troch mei fernijing sûnder syn werkenbere sinjatuer te ferliezen |
| 2015 | Sjoerd de Vries | Hiele oeuvre |
| 2013 | Tryntsje Nauta | Foaroprinnende ûntwikkeling yn it wurk |
| 2011 | Paul Panhuysen | Hiele oeuvre |
| 2009 | Zoltin Peeter | Wichtige ûntwikkeling |
| 2007 | Louis le Roy | Hiele oeuvre dêrûnder de Ecokathedraal yn Mildam |
| 2005 | B.C. Epker | Wichtige ûntwikkeling |
