De advyskommisje fan de GERRIT BENNER Priis is bekend. Deputearre Steaten fan Fryslân hat de sjuery fan de provinsjale priis beneamd. De kommisje bûcht him de kommende tiid oer de fraach oan wa 't de oeuvrepriis 2023 takend wurde moat. De GERRIT BENNER Priis is in wichtige priis foar byldzjende keunst yn Fryslân en wurdt takend oan in keunstner waans wurk toanoanjouwend is foar it keunstoanbod yn de provinsje. 

De advyskommisje bestiet dit jier út trije leden dy 't foardroegen binne troch Keunstwurk: 

  • Julia Geerlings (kurator en direkteur fan A Tale of A Tub, it eardere badhûs yn it hert fan it monumintale Justus fan Effen-kompleks yn Rotterdam) 

  • Judith Spijksma (konservator moderne en hjoeddeiske keunst by it Fries Museum yn Ljouwert) 

  • Gitte Brugman (wie 5 jier artistyk lieder fan Keunstmoanne It Amelân) 

De priis is yn it libben roppen om it byldzjende keunstklimaat in ympuls te jaan en it omtinken foar de byldzjende keunst ûnder it publyk grutter te meitsjen. De organisaasje is yn opdracht fan de provinsje yn hannen fan Keunstwurk. De twajierlikse provinsjale GERRIT BENNER priis is ferneamd nei de Fryske lânskipsskilder Gerrit Benner, út de 20e iuw. Dit jier wurdt de priis takend oan in byldzjend keunstner mei wurk út in langere perioade: in saneamde Oeuvrepriis. Yn 2019 is de Oeuvrepriis foar it lêst útrikt oan Auke de Vries. 

Útstalling 

Wa 't de oeuvrepriis wint, wurdt letter dit jier bekend makke. De winner kriget €5000,- en in útstalling yn it Frysk Museum. Neist it prizejild kriget de winner €5000,- foar in aktiviteit dy 't bydraacht oan it ûntwikkeljen fan 'e byldzjende keunst yn Fryslân.