By de feestlike fiering fan Ynternasjonale Frouljusdei yn Ljouwert, is de allerearste Els Veder-Smitpriis oan Lutz Jacobi útrikt. Deputearre Douwe Hoogland lange de priis oan de winner oer. Lutz kriget de priis omdat se fan grutte betsjutting west hat foar de rol fan froulju yn de Fryske polityk.

Breed draachflak

Lutz Jacobi waard mar leafst seis kear nominearre troch ferskate minsken, mei ferskate eftergrûnen. Dat jout neffens de sjuery oan dat der draachflak foar har nominaasje is en dat sy de terjochte winner fan de Els Veder-Smitpriis is. “Lutz Jacobi is in ynspiraasjeboarne foar oare froulju en moediget dy oan om de polityk yn te gean en harren dêr steande te hâlden”, neffens de sjuery. Mei-inoar wiene der foar de Els Veder-Smitpriis 27 nominaasjes ynstjoerd, dêrfan 19 ûnderskate nominearren. De winner  krige in brûnzen byldsje en in oarkonde. It brûnzen byldsje is, mei bemiddeling fan Keunstwurk, troch keunstneres Ilse Oelbers ûntwurpen. It byldsje symbolisearret in frou dy 't har stevich steande hâldt yn it politike spylfjild dat noch altyd dominearre wurdt troch manlju.

Fiering Internasjonale Frouljusdei

De priisútrikking waard fersoarge troch Tûmba en wie ûnderdiel fan in breder programma yn it ramt fan Ynternasjonale Frouljusdei. Yn gearwurking mei Stichting Cultureel Centrum Mahatma Gandhi soarge Tûmba foar in feestlike jûn yn poppoadium Neushoorn. De priisútrikking folge op in yndrukwekkende lêzing en dialooch fan Maartje Duin en Peggy Bouva, bekend fan de podcast De plantage van onze voorouders.

Provinsjale priis

Els Veder-Smit (1921-2020) hat as politikus op it mêd fan folkssûnens en frouljurjochten in soad foar froulju yn Nederlân betsjutten. De Els Veder-Smitpriis wurdt ien kear yn ‘e trije jier op Ynternasjonale Frouljusdei útrikt.