Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân siket in ûnôfhinklik lid út it literêre fjild foar de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2023. Jo kinne jo belangstelling dêroer oanjaan.

Deputearre Steaten rikt twajierliks de Gysbert Japicxpriis út. Dat sil wer barre yn novimber 2023. Yn 2023 wurdt de priis útrikt foar proaza. De advyskommisje bestiet út trije leden, gearstald út in foardracht troch Tresoar, de Fryske Akademy en ien lid út it literêre fjild. 

De taak fan de advyskommisje is it beoardieljen fan de literêre wurken en Deputearre Steaten te advisearjen oer it takennen fan de priis. De feroardering, regleminten en fergoedingen oangeande de advyskommisje fan de provinsjale prizen, wêrûnder de Gysbert Japicxpriis, kinne jo fine op www.provincialeprijzen.frl

Jo kinne jo belangstelling toane troch foar 24 oktober 2022 in e-mail te stjoeren nei: prizen@fryslan.frl. Wy freegje jo dêrby oan te jaan wat jo ûnderfining is mei proaza en in koarte motivaasje.

As jo fragen hawwe, kinne jo ek in e-mail stjoere nei prizen@fryslan.frl

Oer de beneaming kin net korrespondearre wurde.