Pyt van der Zee priis

De Pyt van der Zee priis is in provinsjale priis foar it brede Fryske toaniel. De provinsje Fryslân rikt de Pyt van der Zee priis út oan in persoan, groep of organisaasjes dy’t fan bûtengewoane betsjutting foar it toaniel yn Fryslân west hat. Ûnder oare dekôrûntwerpers, regisseurs, oersetters, skriuwers en ferienings komme foar de priis yn ‘e beneaming.

Proseduere en priis

De priis wurdt ienris yn ‘e trije jier útrikt en bestiet út in bedrach fan € 4.000.

De priis is ferneamd nei de toanielregisseur Pieter Johannes Cornelis van der Zee (1915 - 1998). Pyt van der Zee wie net allinne regisseur. Hy joech les oer toaniel en makke oersettings. Ek wie hy de earste artistyk lieder fan it Fryske teäterselskip Tryater.

Advyskommisje Pyt van der Zee priis

De advyskommisje advisearret Deputearre Steaten oer it takennen fan de Pyt van der Zee priis. De advyskommisje bestie yn it jier 2025 út:

  • Titia Huisman 
  • Wybo Smids 
  • Luuk Eisema 

Winnaars Pyt van der Zee prijs

Jier

Priiswinner

Bydrage

2025Stifting Kom Mar Op! út SuwâldBydrage oan it Fryske amateurtoaniel.
2022Wybo SmidsUnmisbere skeakel yn tal fan teaterproduksjes.
2017Berne Iepenloftspul (BIS) EasterwierrumTalintûntwikkeling fan bern stimulearje.
2015Bouke OldenhofTema: De betsjutting fan it amateurtoaniel foar de leefberens yn stêd en doarp.
2010Jan Arendz te WytgaardAmbassadeurskip foar it toaniel.
2007Theatergroep SULTFerrassende, útdaagjende repertoirekar en foarmjouwing op in goed artistyk nivo en dêrneist de fitalisearjende ynfloed op it teäterklimaat yn de Súdwesthoeke.
2004Anny VeenstraFoar de konstante hege kwaliteit fan har regywurk yn de ôfrûne jierren.
2001Stichting JeugdtheaterschoolIen fan de pylders ûnder de takomst fan it Fryske amateurtoaniel.