De band It Dockumer Lokaeltsje is de winner fan de Bernlefpriis 2020. Dy priis waard op sneon 20 febrewaris útrikt op in spesjale digitale edysje fan de Frysk Popawards. Gitarist Sytse van Essen en sjonger/bassist Peter Sijbenga krigen in sjek fan € 1500 en in byldsje. Fritz de Jong koe net oanwêzich wêze by it oerlangjen fan de priis.

De Bernlefpriis fan de provinsje Fryslân wurdt alle jierren útrikt. De provinsje wol mei dy priis de Fryske taal yn de popkultuer in stimulâns jaan. Oare nominearren foar de Bernlefpriis wiene it krossoverprogramma fan Liet, it duo Weima en van der Werf en it ensemble Piiptsjilling.

Eigensinnich en ynventyf

De sjuery skreau yn it sjueryrapport oer de band: Weinig bands die zo eigenzinnig en stoïcijns hun eigen pad kiezen. Al meer dan 30 jaar zijn Peter Sijbenga, Fritz de Jong en Sytse van Essen de architect van haar eigen muzikale universum.

De band brocht ferliene jier in yntegraal oersetten ferzje út fan de DAF-klassiker ‘Alles ist gut’. Op de Friese Lente week spilen se yn in jûn-oan-jûn-maraton harren hiele oeuvre.

Het geeft nog maar eens aan dat de band inventief is en open staat voor ludieke initiatieven. Het trio bewijst hiermee nog altijd wonderlijk relevant te zijn: dwars, humoristisch en innovatief. It Dockumer Lokaeltsje weet zich met zijn eigenzinnige, Friestalige oeuvre telkens weer te vernieuwen. De band verdient daarom, volgens de jury, de waardering van de Bernlefpriis 2020.

Advyskommisje

De advyskommisje fan de Bernlefpriis bestie fan ‘t jier út:

  • Sjouke Nauta, direkteur Friesland Pop
  • Paul Giese, saaklik lieder Popfabryk
  • Marije Heide, haadredakteur 3VOOR12/Friesland en Never Mind the Hipe

Mear witte oer de prizen fan provinsje Fryslân? Sjoch op www.fryslan.frl/provinsjaleprizen