Dichter Sigrid Kingma is hjoed yn in feestlike gearkomste ynstallearre as nije Dichter fan Fryslân. Sy nimt de titel oer fan Nyk de Vries

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma:

"Ik bin út 'e skroeven oer myn beneaming ta Dichter fan Fryslân! De rol fan Dichter fan Fryslân past by myn wurkwize as dichter. Ik sykje poadia op, ha in skerp each foar wat der spilet en stribje der hieltyd nei om út te stiigjen boppe it deistige. De kommende twa jier wol ik ek brûke om poëzij in breder berik te jaan troch keunstfoarmen te kombinearjen."

Sigrid Kingma (1989) studearre Nederlânsk en Frysk. Dizze jonge, alsidige dichter debutearre yn 2016 mei de fersebondel Reade triedleas, dy’t publisearre waard troch útjouwerij Frysk en Frij. Sy jout poëzijlessen op skoallen, stelt fia har webstee har skriuwpraktyk iepen, skriuwt blogteksten, haikûs en skreau fersen as “moannedichter” fan dichterskollektyf Rixt. Ut ûnderskate projekten by it lektoraat Meartaligens en Belêzenens fan NHL Stenden wei stimulearret sy dêrnjonken it skriuwûnderwiis op basisskoallen.

As dichter fan Fryslân is Sigrid Kingma de kommende twa jier poëtysk ambassadeur. Sy skriuwt seis oant tsien gedichten yn ’t jier, ynspirearre troch opfallende en aktuele barrens yn ’e provinsje. In advyskommisje, dy’t bestie út Cilla Geurtsen, Annemarie Lindeboom en Tsead Bruinja (foarsitter), hat de nije dichter fan Fryslân foardroegen oan Deputearre Steaten.

It projekt “Dichter fan Fryslân” is in inisjatyf fan ’e provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch Boeken fan Fryslân. Mei it beneamen fan ’e Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij.

Mear ynformaasje oer it projekt Dichter fan Fryslân(eksterne keppeling).