Socht: unôfhinklik kommisjelid mei affiniteit mei it literêre fjild

Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân siket in ûnôfhinklik lid út it literêre fjild foar de advyskommisje foar de Gysbert Japicxpriis 2025. Jo kinne jo belangstelling dêroer oanjaan.

De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste literêre priis fan Fryslân en wurdt ien kear yn de twa jier takend. De iene kear foar proaza, de oare kear foar poëzy. Yn de hjerst fan 2025 wurdt de priis útrikt yn de kategory poëzy, ferskynd yn de perioade 2021-2024. De advyskommisje bestiet út trije leden, gearstald út in foardracht troch Tresoar, de Fryske Akademy en ien lid mei affiniteit mei it literêre fjild. De advyskommisje sil foar de simmerfakânsje fan 2024 beneamd wurde troch Deputearre Steaten.

Taken advyskommisje 

De taak fan de advyskommisje is it beoardieljen fan de literêre wurken en it gearstallen fan in list mei nominearren. De kommisje advisearret op basis dêrfan Deputearre Steaten oer it takennen fan de Gysbert Japicxpriis. Deputearre Steaten kieze de priiswinner op basis fan it advys fan de advyskommisje.

De feroardering, regleminten en fergoedingen oangeande de advyskommisje fan de provinsjale prizen, wêrûnder de Gysbert Japicxpriis, kinne jo fine op www.provincialeprijzen.frl

Belangstelling? Meld jo oan!

Jo kinne jo belangstelling toane troch foar 06 maaie 2024 in e-mail te stjoeren nei: provincie@fryslan.frl.Wy freegje jo om in koarte motivaasje dêr't jo yn oanjouwe wat jo ûnderfining is mei poëzy.

As jo fragen hawwe, kinne jo ek in e-mail stjoere nei provincie@fryslan.frl.

Oer de beneaming kin net korrespondearre wurde.