Hjirmei meitsje wy seis ûntwerpen bekend dy't kâns meitsje op de Vredeman de Vries Untwerppriis 2021. Fan 12 novimber ôf binne dizze ûntwerpen te sjen op de útstalling yn Museum De Jouwer. Ynwenners fan Fryslân kinne mei de LC Publykspriis stimme op harren favorite ûntwerp. Deputearre Sietske Poepjes rikt op 10 desimber de Vredeman de Vries-priis foar ûntwerp 2021 út yn museum De Jouwer en dan krijt de winner fan de LC Publykspriis in award.

De sjuery beoardielet de yntsjinne ûntwerpen op goede gearwurking tusken opdrachtjouwer en foarmjouwer. Boppedat moatte de ûntwerpen fan sosjaal belang wêze. Yn 2021 bestjit de sjuery út: Ann Maes, Lucas Verweij, Dries van Wagenberg, Roelof Koster en Eileen Blackmore.

Dit binne de seis nominearre ûntwerpen, yn samar in folchoarder:

  1. Tentoanstellings paviljoen Obe
    Designers: Ernst Bernson & Yvonne Willems (LOKAALWERK)
    Opdrachtjouwer: Tresoar
  2. Kennis en ynformaasjesintrum Hegebeintum
    Untwerpers: Babke Dekker (Hofmeijer Dekker Ontwerpers), Johan van Gent (Stichting Erfgoed & Publyk) en Jos Blomsma (Terwisscha & Wagenaar | Vormburo)
    Opdrachtjouwer: Stichting Terp Hegebeintum
  3. Tafelark foar minsken mei in beheining fan ien hân
    Untwerper: Lies van Huet (Lies Ceramics)
    Opdrachtjouwer: Co Act | Johan Thijssen
  4. Bûsdoek – in Frysk biermerk
    Untwerper: Sjoerd Kooistra (Studio a heart that works)
    Opdrachtjouwer: Bûsdoek, Fryske brouwerij
  5. It Utrecht Ljouwert
    Untwerper: Dennis de Vries (BW H designers)
    Opdrachtjouwer: De Utrecht Leeuwarden
  6. Transformatorhûs Wurdum Untwerper:
    Ronald van der Zwaag (the urban furniture maker)
    Eigen inisjatyf, opdrachtjouwer net fan tapassing

De Vredeman de Vriespriis is in provinsjale priis. De provinsje wol mei dizze priis omtinken jaan oan Untwerp yn Fryslân en de krêft dy't dat meibringt. Dit biedt perspektyf foar ferskate opjeften dêr't Fryslân mei te krijen hat. De organisaasje is yn hannen fan Keunstwurk

In part fan it sjueryrapport giet hjirby. Fia de LC Publykspriis(eksterne keppeling) kinne jo oant 5 desimber 2021 stimme op ien fan dizze seis.

Dennis de Vries zit aan een tafeltje een boek te lezen
Dennis de Vries
Ernst Bernson en Yvonne Willems zitten samen achter een bureau
Ernst Bernson en Yvonne Willems
Jos Blomsma, Johan van gent en Babke Dekker staan en zitten in een hal
Jos Blomsma, Johan van Gent en Babke Dekker
Lies van Huet zit achter een gedekte tafel
Lies van Huet
Ronald van der Zwaag zit op groene gasbetonblokken voor een heel klein huisje met open raam
Ronald van der Zwaag
Sjoerd Kooistra zit met gele muts en blauw jasje op een machine met naast hem allemaal rollen stickers
Sjoerd Kooistra