Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer
De Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer stimulearret opdrachtjouwers en arsjitekten om bysûndere arsjitektoanyske bouwurken yn Fryslân ta stân te bringen. De provinsje wol mei dizze arsjitektuerpriis de belangstelling foar arsjitektuer by in breed publyk fergrutsje. De priis wurdt oan de opdrachtjouwer likegoed as de arsjitekt takend. De priis wurdt sûnt it jier 2000 ien kear yn ‘e twa jier útrikt. De organisaasje fan de priis is yn hannen fan Keunstwurk.
Proseduere en priis
Arsjitekten en opdrachtjouwers kinne harren sels fia Keunstwurk foar de priis oanmelde. Rânebetingst is wol dat it bouwurk yn Fryslân stiet. De oanmeldings wurde troch in advyskommisje beoardiele. De advyskommisje nominearret ynstjoerings en draacht in priiswinner oan Deputearre Steaten foar. De winner fan de Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer (kombinaasje fan arsjitekt en opdrachtjouwer) kriget in oarkonde en in bedrach fan € 5000.
Edysje 2025
De Vredeman de Vriespriis foar arsjitektuer 2025 is takend oan it moderne kleaster ‘ Nijkleaster ’ yn Hilaard. De priis waard op tongersdei 6 novimber útrikt yn de Nije Leije yn Alde Leie. De LC-publykspriis gie dizze edysje nei âld plysjeburo ‘It Buro’ yn Grou.
Lês hjir it parseberjocht en hjir it offisjele sjueryrapport.
Mear ynformaasje:
Winners Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer

Winner 2025: It moderne kleaster ‘Nijkleaster’ yn Hilaard (foto: Thijs Wolzak)
Jaartal | Winnaar | Bijdrage |
|---|---|---|
| 2025 | Untwerp: J.O.N.G. Architecten Opdrachtjouwer: Stichting Nijkleaster-Westerhûs | It moderne kleaster ‘Nijkleaster’ yn Hilaard |
| 2023 (y.f.m. omstannichheden is dizze pas útrikt yn 2023, mar it is de winner fan 2022) | Untwerp: Studio Nauta y.s.m. De Zwarte Hond. Opdrachtjouwer: PCBO Ljouwert e.o | Renovaasje en nijbou fan basisskoalle en berne-opfang IKC Prins Constantijn yn Ljouwert |
| 2020 | J.O.N.G. Architecten fan de Lemmer | Energie Kenniscentrum Leeuwarden Achterbosch Architecten út Ljouwert en in wente yn Aldemardum |
| 2018 | Untwerp: Onix NL, Groningen Opdrachtjouwer: Stichting Museum Houtstad | Museum en wurkpleats Houtstad, Drylts |
| 2016 | Ûntwerp: DP6 architectuurstudio, Delft Opdrachtjouwer: Poppodium Ûntwerp: J.O.N.G. Architecten, de Lemmer Opdrachtjouwer: S. Wijma | ROC Neushoorn yn Ljouwert Fakânsjewente, It Heidenskip |
| 2014 | Ûntwerp: Borren Staalenhoef Architecten (Jacob Borren) Opdrachtjouwer: famylje Kramer-Wapstra, Ljouwert | Villa Juliana yn Ljouwert (restauraasje, ferbou en útwreiding) |
| 2012 | Ûntwerp: Onix, Groningen, projektarsjitekt Allart Vogelzang Opdrachtjouwer: Stichting Vrije Scholen Athena, Deventer | Michaëlskoalle, Ljouwert |
| 2010 | Ûntwerp: TWA architecten, Burdaard Opdrachtjouwer: Wonen Noordwest Friesland, St. Anne | Woon-Zorgcombinatie Offingaburg in Hallum. |
| 2008 | Ûntwerp: GDA Architecten bv bna, Burdaard Opdrachtjouwer: Wonen Noordwest Friesland, St. Anne | Nijbou kantoar Wonen Noordwest Friesland, St. Anne |
| 2006 | Ûntwerp: Onix bv, Groningen, projektarsjitekt ing. H. Meijer Opdrachtjouwer: B. Maarsingh en I. van Steijn | Nijbou Villa Marsingh/Dogma Hûs #1 |
| 2004 | Arsjitekteburo Jelle de Jong, de Lemmer | Ferbou fan in wenpleats yn Nijemardum |
| 2002 | Ûntwerp: Verheijen Verkoren Knapper De Haan (VVKH Architecten), Leiden Opdrachtjouwer: Heijmans Vastgoed, Almere | Parkeargaraazje anneks supermerk, Hofsingelprojekt yn Ljouwert |
| 2000 | Bonnema Borren Staalenhoef, arsjitekten yn Hurdegaryp (Ir. A. Bonnema en de hear Storm) | Twa rekreaasjewenten op in dúntop op Flylân |
