De Bernlefpriis is de Fryske provinsjale muzykpriis foar artysten en organisaasjes dy’t in bysûndere bydrage oan de Fryske muzykkultuer leverje. De priis waard foar it earst yn it jier 2002 útrikt. Sûnt 2014 wurdt de priis alle jierren útrikt. De provinsje wol mei de priis de Fryske taal yn de popkultuer in stimulâns jaan. De Bernlefpriis moat muzikanten en bands útnûgje om mear Fryske muzyk te meitsjen en te skriuwen. 

Proseduere en priis

De priis wurdt takend oan in band, muzikant, komponist, arranzjeur of tekstdichter. De priis kin útrikt wurde foar in wurk of it hiele oeuvre fan in artyst. Alle muzyksjenres komme foar de priis yn ‘e beneaming. De winner fan de Bernlefpriis wurdt troch in advyskommisje út it kulturele wurkfjild foardroegen en kriget in bedrach fan € 1500 en in byldsje. De priis wurdt op Fryske Popawards útrikt, in evenemint dat alle jierren hâlden wurdt, wêrby’t ferskate prizen foar Fryske popmuzyk troch Friesland Pop útrikt wurde. 

Bard Bernlef

De Bernlefpriis is ferneamd nei de bline Fryske bard Bernlef út de 8e iuw. Bard is in namme foar in sjonger en dichter yn dy tiid. Der is fierder net folle oer him bekend. Der binne sels gjin gedichten of lieten fan him oerlevere. Bernlef libbe om 785 hinne yn de omkriten fan Warffum (no provinsje Grinslân, yn dy tiid Fryslân). 

Advyskommisje Bernlefpriis 

De advyskommisje jout advys oan Deputearre Steaten oer it takennen fan de Bernlefpriis en draacht in winner foar. De advyskommisje fan de Bernlefpriis bestiet yn it jier 2020 út: 

  • Sjouke Nauta, direkteur Friesland Pop
  • Paul Giese, saaklik lieder Popfabryk
  • Marije Heide, haadredakteur 3VOOR12/Friesland en Never Mind the Hipe

Winners Bernlefpriis

Jaartal

Prijswinnaar

Bijdrage

2025MayteHiele oeuvre
2024Alexander MotoHiele oeuvre
2023Nynke LavermanHiele oeuvre
2020

It Dockumer

Lokaeltsje

Foar harren eigensinnige, Frysktalige oeuvre
2019WIEBEWIEBE makket progressive popmuzyk mei Ingelsk- en Frysktalige teksten
2018KjeldFrysktalige black metalband wurdt sjoen as in Frysktalich eksport produkt
2017ZEAAlbum 'Moarn gean ik dea'
2016LietIt Fryske sjongfestival Liet biedt in poadium foar de Fryske muzyk en soarget dêrmei foar in grut berik by it publyk, sels by it ynternasjonale publyk
2015Noardewyn liveProgramma fan Omrop Fryslân dat aktyf oan it fersprieden fan Fryske muzyk bydraacht
2014Emiel Stoffers (zanger/gitarist Hûnekop)Wit mei in eigen Wâldpyk-fersy fan it Frysk in breed publyk te berikken en foar it Frysk te ynteressearjen. De live-optredens, de cd’s, de fideoklips, de produkten mei de namme derop en de spesjale Hûnekop-dei binne in ferriking foar de Fryske popkultuer
2010Piter WilkensHiele oeuvre
2005Henk AlkemaKomposysje fan de opera Bonifatius
2002ReboeljeOeuvreprijs. De band lit al 15 jier konstant kwaliteit sjen, mijt projekten, dy’t fier boppe it meitsjen fan in cd útgeane, net, wit poëtyske teksten te skriuwen, behearsket in fariearre ynstrumintarium, spilet krekt sa maklik yn skouboargen en teäters as yn kroegen en feesttinten