Tiny Mulderpriis
De Tiny Mulderpriis is in priis foar de bêste literêre oersetting foar jeugd - en berneliteratuer. Dizze priis is net allinnich foar oersettings út in frjemde taal nei it Frysk ta mar ek út it Frysk wei nei in oare taal. De provinsje wol mei har literêre prizen wurdearring útsprekke foar de winner en syn / har wurk. Dêrneist wol de provinsje mear bekendheid jaan oan Fryske literatuer by de Fryske befolking.
Proseduere en priis
Provinsjale Steaten fan Fryslân hawwe de Tiny Mulderpriis yn 2022 ynsteld. De earste útrikking fynt plak yn 2026. Dizze priis wurdt ien kear yn de fjouwer jier útrikt. De winner krijt in bedrach fan € 4000 en in oarkonde.
Tiny Mulder
Tiny Mulder (1921 – 2010) wie in mearsidige Fryske skriuwster, dichteres, sjoernaliste en fertaalster. Se groeide op yn en bûten Fryslân, learde as tiener Frysk en sleat har yn de Twadde Wrâldoarloch oan by it ferset. Nei de oarloch wurke se fjirtich jier foar it Friesch Dagblad en wie se aktyf as korrespondint, resinsint en radiomakker. Har literêre wurk omfettet poëzy, romans, ferhalen, berneboeken en in soad oersettingen, wêrûnder Alice yn Wûnderlân. Har bekendste roman is Tin iis, basearre op har oarlochsûnderfinings. Mulder waard manmachtich bekroand, ûnder mear mei meardere Rely-Jorritsmaprizen en de Gysbert Japicxpriis. Se jildt as in markante en ynfloedrike stim yn de Fryske literatuer.

Sjoch ek: Tresoar - Tiny Mulder en Tresoar-literatuur-biografieen
Advyskommisje Tiny Mulderpriis
In advyskommisje advisearret Deputearre Steaten oer it takennen fan de Tiny Mulderpriis. De advyskommisje fan de Tiny Mulderpriis 2026 bestiet út:
- Lara Kool
- Kate Schlingemann
- Liuwe Westra
Winners Tiny Mulderpriis
Jiertal | Priiswinner | Bydrage |
|---|---|---|
