De Nationale Onderwijsprijs is in inisjatyf fan it Instituut voor Nationale Onderwijspromotie (INOP(eksterne keppeling)). Provinsje Fryslân organisearret de provinsjale foarwedstriden fan de Nationale Onderwijsprijs. It INOP en de provinsje Fryslân wolle mei de priis kreativiteit en ynventiviteit yn it ûnderwiis yn omtinken bringe. De winner fan de provinsjale foarwedstriid giet nei de lanlike finale fan de Nationale Onderwijsprijs. De priis wurdt ienris yn ‘e twa jier útrikt. Mear ynformaasje oer de ûnderwiispriis is te finen op dizze webside(eksterne keppeling).

Proseduere en priis

Bysûndere projekten yn it primêr en fuortset ûnderwiis komme foar de priis yn ‘e beneaming. Skoallen kinne in eigen projekt oanmelde fia de webside fan it INOP. Yn de kategory basisûnderwiis likegoed as fuortset ûnderwiis nominearret de provinsjale sjuery trije skoallen. De winners krije in plastyk (de Brûnzen Oaljefant), spesjaal ûntwurpen troch it keunstnerskollektyf De Provinçialen. De provinsjale winners binne automatysk nominearre foar de Nationale Onderwijsprijs. In lanlike sjuery beslút úteinlik wa’t de Nationale Onderwijsprijs kriget. De winner fan de lanlike Onderwijsprijs kriget in trofee en in jildbedrach fan € 7.000.

Sjuery Ûnderwiispriis

De provinsjale sjuery bestie yn it jier 2019 út: 

  • Jan Dijksma, direkteur Marketing & Communicatie Friesland College en âld-ûnderwiissjoernalist;
  • Fenna Reitsma, lid Provinsjale Steaten;
  • Maarten Pennewaard, ûnderwiisredakteur Leeuwarder Courant.

Winners ûnderwiispriis

Jier

Priiswinner

Bydrage

2019

BO: Greidhoeke goes Onderwijs, Wommels, Itens, Baard en Winsum

VO: Lauwerscollege, Bûtenpost

BO: Alsidich projekt oer de Skries fan fjouwer basisskoallen

VO: Skiekundeles troch de wei fan itensiedprojekten

2017

BO: Jenaplanschool De Wiekslag, Drachten

VO: Piet Bakkerschool, Snits

BO: Beweech- en itensiedprojekt mei de buorlju, in âldereinsoarchsintrum

VO: projekt Leren, Werken en Reizen

2002Stellingwerf College, EasterwâldeProjekt Dútsk yn Aurich
1998Marne College, BoalsertFoar de wize wêrop’t kultuer in plak yn it ûnderwiis kriget